Maart 1994

Toespraak van Jan Rinsma, de toenmalige voorzitter van de ijsclub

 
 
IJSKLUP GYTSJERK 125 JIER
 
 
Doe’t ik foarich jier hjir foar it earst oer dit jubileum neitocht, doe gie my troch de holle: “Hoe soe dat no destiids begûn wêze?” Fan de oprjochtings-byienkomst binne gjin skreane stikken bewarre. Doe haw ik mysels ris yntocht hoe’t it gien wêze koe.
Gytsjerk wie doe in folle lytser doarpke. In lyts 500 bewenners yn heechút 100 húskes en húzen. De fjouwersprong wie der al. Dêrwei run in púndyk nei it westen; de hjoeddeiske Kanterlânswei. In strjitwei fan bernekopkes lei fan Oentsjerk oer de fjouwersprong nei it suden nei in brêge oer de Bouwepet en fierder nei Ryptsjerk. Fierders wiene it meast sânpaden en modderreden, lykas de Gytsjerkerhoeke, de Singel en it Sânpaad fan de fjouwersprong yn de rjochting fan Mûnein.
Oan dy wegen/boerereden stiene wâldhúskes, boerespultsjes en komelkerijkes. In skoalle, in timmerwinkel, in smidte, in bakker en in protte lytse winkeltsjes, faak fan widdofroulju dy’t mei in kliber bern troch de tiid moasten, troch klompen, of kofje en tee, of kowedekken en hoarntouwen te ferkeapjen. Der sille faaks ek wol húskes fan hâlsoan west hawwe fan froulju dy’t yn de efterkeamer stikem in slokje ferkochten.
As we no de Strjitwei lâns rinne nei it suden, dan stiet der oan de rjochterhân it grutte buten “Poelzicht”, dêr’t de kantonrjochter fan Burgum wenne: mr. Cornelis Rinia van Nauta. Els dy’t der lânsrûn licht dêr efkes de pet, want de hegerein moast yn eare hâlden wurde. Dêr wie rjochts ek de opfeart en krekt fierder de roggemûne fan de bakker, lofts fan de wei. Op’e ein krekt foar de brêge wie it tolhek: wa dêr foarby gie mei in boerewein of in seas moast in botsen betelje. As jo by it tolhek stiene, wie it yn de hjerst allegearre wetter en no yn februaris lei dêr iis oer. De lannen wiene der ûnderstrûpt, lykas alle jierre en oan it Tolhûs by Ljouwert ta wie ien grutte flakte mei hjir en dêr in stikje mûndyk. De oare kant út, nei Feanwâlden ta, stie it Bûtenfjild ek ûnder wetter mei de reiden fan de poel der boppeút.
Yn de earste dagen fan februaris 1869 lei yn de Feart by de opslach it skipke fan de beurtskipper op Ljouwert. Dy fear tongersdeis mei bûter fan de boeren nei Ljouwert en levere dat freeds ôf by de waach. Syn snikke lei no fêst yn it iis, krekt as it skûtsje fan in turfskipper dy’t turven by de bakker ôlevere hie. De turfskipper hie fannemiddie syn leste lange baalders op syn skokarre laden en wie dêrmei nei de tsjerke run oan de púndyk en de turven hie hy opstapele yn it turfhok. Hy hie fourt jild bard fan de koster, want in skipper kin je net wachtsje litte. No run hy yn de kâlde eastenwyn op wer nei de buorren ta, mar mei dat er by de earste hûzen is, betinkt er: “Myn skip rint net fourt, want der leit al in aardich laachje iis, it is kâld en ik wol net ferkâlden wurde, dus ik keapje ien tsjin de kjeld”.
Foar yn de buorren stie in mânske herberch en ús skipper skowde syn karre efter de hage en gie troch de dûbele doar deryn. De jekker hong er yn de gong oan de kapstôk en syn klompen wipte hy derûnder. Yn de taap brânden twa mânske koperen oaljelampen dy’t oan ketlingen oan de souder hongen; it wiene hast de earste oaljelampen yn Gytsjerk. De kastlein stie mei de rêch tsjin de taapkast oan en prate mei trije man dy’t om de kachel sieten. De kachel wie in grut swart bakbist mei swarte piipen, dy’t rjocht omheech giene nei it plafond en derûnder lâns nei de oare ein fan de souder en dêr troch de skoarstien nei boppe ta. Om dy kachel stie in smei-izeren hekje mei koperen knoppen derop. Twa boeren hiene de fuotten op it hekje lizzen en moasten sa no en dan de fuotten even oanlûke, oars skroeiden har de swarte sokken fan de fuotten. Se hiene beide in romer mei in fladderakje neist har op in taffeltsje stean.
De skipper bestelde in “hagel en donder” tsjin de kjeld en joech him del oan de oare kant fan de kachel. Dêr siet ek al in mollefanger, dy’t mei syn hun in slach troch it lân west wie en by in boer in pear dûbeltsjes bard hie. De mannen praten oer fee, oer de bûterpriis, oer it waar en oer iis en al gau gie it oer hurdriden. Noch ien – twa nachten dan soe it wol kinne. De kastlein wie gau beret en sei: “Ik jou in tientsje foar de priis as dan it ynskriuwen en priisúdieling hjir by my is”.
De boeren wiene der flak foar en wisten n och wol in pear, dy’t foar soks te finen wiene en se praten ôf, dat it sneon 12 februaris mar wêze moast, want dan wie it ljochtmoanne. Se giene der op út en fregen de timmerbaas oft dy op de Riid of op it lâniis in baan ôfseete woe mei juffers en tou. Se beneamden de man fuort ek ta baan kommandant. Twa baan fegers waarden oansteld en fiif man waarden frege foar karmaster. Master ferklearre him ree om it skriuwen fan de listen te fersoargjen. De doarpsomropper gie mei de rattel troch de Trynwâlden en makke bekend: “Zaterdag aanstaande grote hardrijderij op de schaats voor manspersonen boven den leeftijd van zestien jaren. Den prijs bedraagt dertig ziveren guldens. Inschrijven bij de herberg aan de Pûndyk te Gytsjerk op zaterdagmorgen tot 12 uur. De aanvang van de wedsrijd is om 1 uur namiddags. Zegt het voort, zegt het voort”.
Feedriuwers dy’t op tongersdei mei skiep nei Ljouwert fiene foar de freedsmerk, makken it dêr ek bekend. Ien fan de boeren wie sels op woansdei nei de merke yn Dokkum west en hie it dêr oan famylje en kunde ferteld.
En doe wie it sneon en it waar wie moai. Flaggen wapperden fan de toer en fan de mûne. De baan lei der prachtich by. Master hie de bern al om 11 oere út skoalle litten en om tolve oere stienen der fjirtich man op’e list om te striiden om de priis fan trietich gûne. Yn optocht gie it fan de herberch troch de buorren nei ir iis. De karmasters foarop en de riiders dêrefter. Op de baan wie it in drokte fan belang, sels de plysje en de dûmny wiene op redens. De mollefanger stie mei in diske mei poeiermolke en de turfskipper hie syn trekharmoanika foar it liif en spile ta.
Fan alle kanten kaam der folk op ôf en betelle grif in stoer om op de bybaan ride te meien en om de ritten te sjen. It waard in prachtiche riiderij en nei hiel wat spannende ritten wie it oan de finale ta. Ut it publyk waard doe noch fiif gûne joen foar de ôffaller, want se hiene allegearre fûleindich striiden.
Uteinliks gie it mei de spylman foarop wer nei de herberch foar it útrikken fan de priis. Nei ôfrin hawwe sy noch gesellich by elkoar sitten en doe ha tien sein: ‘Wy moatte in iisklup oprjochtsje”. No, dat like de oaren goed ta en hja praten ôf, dat op 12 maart 1869 in fergadering wêze soe, want dan wie it ljochtmoanne.
Dy jûn kaam der in iisklup ta stân: sy keazen in skathâlder, in skriuwer en in  presidint. Hja stelden statuten en in klup-reglemint op en wy binne dizze ús ûnbekinde minsken noch tige tankber foar it nimmen fan de foarstap dêr’t ús klup syn bestean oan te tankjen hat.
 
 
Jan Rinsma